Alles wurdt nij:

Senario siket ferfilming

Motto

‘Miskien hiene se it oer my as de “Heren”omdat ik net allinne lân hie, mar ek omdat ik advokaat wie. Der wie gjin bestimmingsplan yn’e maak of ik wist der fan. Myn kennis gie fierder as de rjochtbank hjir of de Raad van State. By need fierde ik prosessen oant yn Straatsburg. Se koene my dêr ‘as in sterk stylist, dy’t mei in goed gefoel foar timing, focht foar elke beam, elke strúk, foar elk trochkykje en elk stikje hoarizon’. Wie ik boppe in inkelfâldich personaazje fan in streekroman útstiigd? Telde dat faaks foar twa? De krêft fan myn pleiten moast lûd klinke. Hjir yn dizze úthoeke, grif, mar ek fier fuort yn Europa. Dat die ik net allinne. Myn frou, ek juriste, holp. Praten se om dy reden oer ús yn mearfâld? Wy fersekerden de bûtenpleatsen fan in net oantaaste takomst. Mar achter elk noartsk trekkerspoar lei in wrakseling ferburgen.’

Ut: Waarme Stront, Ien mei de dingen (Noordboek, 2009)

‘Perhaps they still referred to me as ‘the Lords’ because I not only owned land, I was also a lawyer. There was no zoning plan in the making that I knew of. My knowledge went beyond the local court, or the Council of State. If necessary, I filed suits all the way up to Strasbourg.  They knew me there as a ‘strong stylist, who, with his good sense of timing, fought for every tree, every bush, every vista, and every sliver of horizon.’ Had I surpassed the status of first-person singular in a regional novel? Did that perhaps count double? The strength of my pleadings had to be heard loud and clear, here in this backwater, certainly, but also far away in Europe. I didn’t do this alone; my wife, also a lawyer, helped me.  Is that why they refer to us in the plural? We assured the land of an unspoilt future. However, underneath every angry tractor trail lies a struggle.’

From: Warm shit (Three short stories, Kindle/Amazon, 2013) De fertaling van Warme StrontIen mei de dingen(Friese Pers Boekerij, 2009).

Senario siket ferfilming

It ferhaal Waarme stront skreaun ik yn 2007 en Under ús yn 2013. Yn Waarme stront is grutgrûnbesitter Althusius in feardich rjochter foar syn lân. Syn feinten Oane en Pier helpe him. Yn Under ús is hy pake, haad fan de famylje, advokaat fan berop. Yn de advokatuer fertsjinje Althusius en syn frou harren jild. Jild is lykwols net genôch foar harren besit. Utersten? Nee. Dizze twa ferhalen litte de ûntwikkeling fan it ûndersteande senario sjen, mar dan yn omkearde folchoarder. Hoe slagget it Althusius om fan in advokaat, in trochtaastend grutgrûnbesitter te wurden?

Achttjin ferhalen yn seis jier, bondele yn in feuilleton dat ik Gods segen rêst op dizze ikkers*

neamde.  It binne losse ferhalen, wêryn’t yn elk ferhaal hieltyd ien fan de haadpersoanen syn relative lykwicht herstelle moat. De haadpersoanen binne Althusius en syn frou, jonkfrou, grûnbesitters yn Gaasterlân; Oane, fisker, jachtopsjenner; Pier Perfect, eks junk, eks hurdfytser, keunstner.  Tammie it koaikershûntsje en in protte oaren. Yn de maitiid fan 2013 ha ik myn legertinte opsetten by ‘De Boegen’ yn Aldemardum en dêr skreaun ik dit senario, Alles wurdt nij.

Gearfetting: Hy, dy’t net yn panyk rekket, kin út in hinderlaach ûntsnappe. Sil it jonkhear Althusius, advokaat, grutgrûnbesitter slagje om it behear oer syn lân werom te winnen? Ynkoarten by jo yn de bioskoop: Alles wurdt nij

In senario yn acht dielen en fiif plannen:

1. It earste diel begjin mei in sêne oer einen dy’t fongen binne, yn panyk, yn in einekoai, dan giet de kamera oer moai Gaasterlân. Althusius en syn jachtopsjenner Oane ride yn in Citroen DS. Se ha krekt yn Beetstersweach in jong koaikershûntsje helle: Tammie.

Tammie is de held fan Alles wurdt nij. In goed grutbrocht koaikershûntsje. Syn oplieding sil ôfmakke wurde troch Oane. It skimert en dan: in fertutearze minske oan de kant fan’e dyk. Dit is it begjinynsidint foar de striid fan Althusius. Se krije in jonge fan’ e dyk. Oanriden, ôffierd? Ferbjustering. (ein diel 1)

2. Althusius beseft dat syn libben as advokaat mar in twadde kar is. As se de jonge fan de dyk opkrije, realisearret er him dat de tiden feroarje en dat hy as grutgrûnbesitter in ‘maatskiplike funksje’ hat dy’t er sloere litten hat. Yn wat foar maatskippij binne wy belâne as wy jongelju as ‘oanriden hûnen’ lâns de kant fan’e dyk lizze litte? Yn Plan Ien mindert Althusius syn wurk as advokaat en bemuoit him mear mei it behear. Hy hat dit miskien wol betocht, mar stappen ûndernimme docht er noch net. Hy ûntkent it, sjocht himsels noch net as ien dy’t in probleem hat, lit stean dat er der oplossingen foar hat. De wurkdruk út syn praktyk wei wurdt net minder. Syn frou kin it allinne net oan. As tandem dienen se yngewikkelde saken. Syn besit stiet lykwols ûnder druk.

 3. Hy betinkt in priisfraach en lit ferskillende projektûntwikkelders mei plannen lâns komme. Hy wegere altyd elk kontakt. No beoardielt er plannen. Der sit neat by en hy wiist se allegearre ôf. De spanning rint op. Dit twadde plan mislearret.

 4. Althusius betinkt wer in plan hoe’t er minder tiid yn de advokatuer stekke kin en mear yn syn besit. Hy nimt minder saken oan foar it Hof yn Straatsburg en docht mear saken yn Fryslân. Dit is heal wurk, gjin oplossing. Der komt te min jild binnen. Plan trije mislearret ek.

 5. Hy bepraat mei syn frou de mooglikheid om folslein te stopjen mei de advokatuer en him op it behear fan de bûtenpleats te rjochtsjen. Althusius wol sels projektûntwikkelder wurde. Der komt te min jild binnen. Ek dit fjirde plan kin net slagje. Althusius beseft dat er mei hannen en fuotten bûn is. Hy wurdt benaud, hy sit yn’e falle. De druk rint op.

6. De banken sette Althusius klem en wolle syn kredyt ynlûke. Hjir is gjin oanlieding ta. Hy hat altyd betelle. Hy wurdt ûnder druk setten om mei te gean yn de plannen fan in trust fan ûndernimmers, dy’t ûnder ien huodsje mei de gemeente en de bank, harren plannen trochsette wolle (golfbaan, jachthaven, bungalowparken). Dizze lju ha swart jild, sitte yn de Rânestêd yn drugs en besykje harren jild wyt te waskjen yn Gaasterlân.

Plot. Op dit momint wurdt ek dúdlik hoe’t Pier dêr yn’e berm terjochte kaam. Pier wie in ôfdankte koerier, in ferslaafde dy’t gjin nut mear hie. Althusius foarseach it en begûn it stadichoan te snappen. Dat de banken it kredyt werom ha wolle, past dêr yn. Syn besit komt faai te stean en hy sjocht no yn dat er in beslissing nimme moat. Althusius sit sels yn de einekoai. Mar der is in ljochtpuntsje: der is ien plan dat weimoffele waard troch de nije gemeente. Dat plan is de oplossing, mar it waard tsjinwurke. Althusius komt der achter hoe’t dat yn syn wurk gie. Stadichoan wurdt er befrijd as ‘pleatsferfanger fan god’ en riedt er him ta op de konfrontaasje. Plan fiif.

7. De konfrontaasje. Althusius liket yn panyk en liket de rede te ferliezen. Hy stapt it gemeentekantoar binnen, wurdt ynearsten troch de boargemaster wegere. Oane en Pier folgje him. Hy wrotte him in wei by gemeente-amtners en riedsleden lâns nei de keamer fan B&W. Dêr sitte se: in bytsje fernuvere dat hy der yn slagge is om binnen te dringen. B&W dat sûnt de nije gemeentlike weryndielingen, bedissele yn Den Haach, grut en machtich wurden is. Dit kolleezje kin no elk yn it gebiet syn wil oplizze, ek oan Althusius. De keamer fan B&W streamt fol mei tsjûgen.

Ik sjoch by dizze konfrontaasje in western foar my a la Once upon a time in the west. Yn Waarme stront: ‘De sjauffeurs hienen koele blikken lykas akteurs dy ha yn moderne misdiefilms. Oane en ik treden mear op sa as jo dat sjogge yn cowboyfilms. Akteurs yn ferskillende films.’

Yn dy gedaanteferwikseling sjogge Althusius, Pier en Oane der út as preemjejagers. Dêr mei it snerpjende lûd fan in mûnharmoanika ûnder. De sjogger moat absolút it idee krije dat it genôch west is en dat der no deaden falle sille (dat is oant no ta net bard).

En, dêr op dat momint yn de keamer fan B&W wurdt Althusius grutgrûnbesitter en fertelt de dames en hearen wat syn plan is. Hy leit harren op in prachtige wize út wat de foardielen fan it plan binne. Hy pipert it harren yn. Dan ûntmaskert er de relaasjes fan it kolleezje mei de maffia út de Rânestêd en bewiist hoe’t it wyt waskjen fan drugsjild in rol spilet by de projekten. De rol fan de PVV, de Poalen, de deadseskaders, Roemenen, drugsbindes (sjoch: De oerfal). De pleatslike bankdirekteur wurdt twongen om út te lizzen hoe’t it yn syn wurk giet. Oane en Pier hâlde it selskip ûnder skot. Wite Willem is der om Oane in hantsje te helpen en Beatrijs is besoarge, mar grutsk op Pier.

Dan: Althusius knikt nei Oane en Pier. Dy helje immen út it selskip nei foaren en ûntwapenje him. Althusius bringt syn identiteit oan it ljocht (In Roemeen dy’t al lang troch Ynterpol socht wurdt, in hiermoardner) De man wol flechtsje, Wite Willem lit him stroffelje en hy wurdt op it plak sels troch Oane en Pier ynrekkene en oerdroegen oan (ynienen) tsjinstige polysjemannen.

Dêrnei komt Althusius werom op it minst minne plan dat er sjoen hat. Dit plan waard hieltyd efterhâlden (in grut stik lân tusken Ryksstrjitwei en doarp wurdt ferkocht foar wenningbou yn ferskillende sektoaren). Hy is lykwols in grut stik lân kwyt, mar hy is fan syn skulden ôf en yn ruil dêrfoar wurde der in protte maatregels nommen foar de ynfrastruktuer: hy kriget stipe foar it behear fan syn lân. De bou-ûndernimmer dy’t dit betocht hat, wurdt tsjinwurke. Althusius lit ek him nei foaren komme, dizze hat de âld Kommissaris fan de Keninginne (Oscar foar de byrol: Hans Wiegel mei in keatling fan sulver om) meinommen. De kommissaris hâldt in moaie taspraak, sels syn politike tsjinstanners knikke ynstimmend. Plan fiif slagget, B&W moatte bûgje, der rôlje koppen.

8. Ôfwikkeling  (diel acht) Althusius iepent syn bûtenferbliuw foar de keunsten (cricket, ballonfeart en op beheind nivo oare soarten fan rekreaasje en sport. Beatrijs en Pier meie op it bûtenferbliuw wenje. Der wurde nije ynkomsten generearre (atelier, pankoekshûs. Biologyske grienten, tsizen ensf..)

It part, tusken it doarp en de Ryksstrjitwei is ferkocht foar wenningbou. De ynvestearringen binne foar Althusius minimaal, de opbringst is maksimaal. Hy is fan syn skulden ôf, hy hoecht gjin saken mear as advokaat oan te nimmen. Sa no en dan, lykas yn Under ús docht er noch saken yn Straatsburg.

Oane lûkt by Wite Willem yn. Feestje. Yllústere figueren út it út achttjin dielen besteande feuilleton dogge harren yntree: The Daltons (It fyfde diel), Patrick (Un grand seigneur), Wicher de Wilde (Titelferhaal: Ien mei de dingen) Pier trout mei Beatrijs. Althusius en Oane binne tsjûgen. Oane trout mei Wite Willem. Althusius en Pier binne tsjûgen. It lijen fan Pier en Oane, harren ferskillende leafdesstappen wurde der as ûndersteunende bylinen fan diel twa ôf trochinne weve. Sa wurdt Althusius syn striid ek in striid om leafde. Althusius seit ergens: ‘It lânskip fan dyn jeugd kinst net haatsje.

Bert Bakker © 2014

Neiskrift

Ik jou de haadrol wol oan held Tammie, mar miskien is dat makliker sein as dien. In pratende hûn? In hûn mei tekstballontsjes boppe syn kop? Tammie is in tûk koaikershûntsje dat feilleas de ynstruksjes fan Oane opfolget en letter selsstannich útfiert. In geheime ynstruksjetaal allinne te ferstean tusken dizze twa? Miskien hoecht Tammie mar in pear mominten aktyf te wêzen: Daliks yn it begjin as hy de einen fierder de koai yn jaget, of lykas yn De oerfal en ûnder de konfrontaasje by B&W. Gjin Kuifje sûnder Bobby. Wat is Family Guy sûnder Brian?

*Waarme stront waard foar it earst publisearre yn Hjir. (Hjir 3(2007)7) en ek yn Farsk (2007) ferskynden  ferhalen. Hjir en Farsk binne yn 2009 fusearre yn Ensafh. Sjoch:www.ensafh.nl.  Yn Ien mei de dingen (Noordboek, Friese Pers Boekerij 2009) waarden de earste fjirtjin ferhalen bondele en ek yn Ien mei de dingen, en yn De steat fan Fryslân (twatalich).